Presintaasje PVV-kandidatelist skrast fanwege driging

PVV
De presintaasje fan de kandidatelist fan de PVV dy't kommende sneon yn Hylpen holden wurde soe, giet net troch. Listlûker Max Aardema hat der soargen oer oft it op dy lokaasje wol goed ferrinne sil. Hy hat sinjalen krigen dat der wat barre soe, mar fierder wol er dêr neat oer sizze.
De protestbeweging Anti Fascistische Actie Fryslân wie fan doel om by de presintaasje yn Hylpen te demonstrearjen. Mar dat is neffens Aardema net de iennichste reden dat de byienkomst net trochgiet. De Fryske PVV sil moandei sjen hoe't it fierder moat.