Berchhiem krijt besite fan minister Blok fan Wenjen
It is noch ûnwis oft it nije soarchtehûs Berchhiem yn Burgum de kommende jierren finansjeel rendabel wurde kin. Dat die moandeitemiddei bliken by de besite fan minister Blok fan Wenjen, oan de yn desimber iepene soarchynstelling. Blok wie dêr om te praten oer de soarch en it wenjen yn de takomst.
Dy saken binne bot yn beweging omdat der hieltyd minder regele wurde troch de sintrale oerheid.