Auto klapt op ferkearsboerd en kypt om

© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
By in iensidich ûngelok op de Planetenleane op bedriuweterrein De Himrik yn Ljouwert is moandeitemiddei in automobilist ferwûne rekke. De man ried op de krusing mei de Saturnuswei tsjin in rûne betonnen sokkel fan in ferkearsboerd oan. Dêrnei rôle de auto op de sydkant. Nei alle gedachten is de bestjoerder net goed wurden.
It slachtoffer hie lichte ferwûnings oan 'e hân. Persoanlik gegevens oer de man ûntbrekke oant no ta.