Brânwacht befrijt klemsittend bern út stek op skoalplein

16 feb 2015 - 15:19

De brânwacht hat moandeitemiddei op it plein fan kristlike basisskoalle It Finster yn Warkum in berntsje út in stek befrijd. It berntsje wie klem kaam te sitten tusken de spilen en it koe sels net mear fuortkomme. De brânwacht hat dêrop in tal spilen fan it stek fuortseage. It berntsje hat neat slims oan it aventoer oerhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)