Feroarsaker lûdsoerlêst foar de tredde kear de fout yn
In 28-jierrige bewenner fan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon syn lûdsapparatuer kwytrekke. De plysje krige midden yn de nacht in melding oer lûdsoerlêst. It die bliken dat dit al de tredde kear wie dat de man foar oerlêst soarge. Derom krige er in proses-ferbaal en waard syn apparatuer yn beslach naam.