Ferwûne by ûngelok yn Kollum

16 feb 2015 - 10:48

By in ûngelok op de Willem Loréwei yn Kollum is moandeitemoarn ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer rekke mei de auto yn 'e sleat. De man koe sels út de auto weikomme.

In traumahelikopter en in ambulânse waard oproppen om te helpen by it ûngelok. Uteinlik is it slachtoffer mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Kollum ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)