FNV Bouw ynformearret boufakkers Sintrale As en akwadukt

16 feb 2015 - 10:00

Fakbûn FNV Bouw praat moandei mei meiwurkers fan de Sintrale As en it akwadukt by it Drachtsterplein oer de mooglike ûnderbetelling fan bûtenlânske meiwurkers. It FNV fynt it wichtich dat minsken dy't itselde wurk dogge itselde betelle krije en hat dêr in petysje oer opsteld. Meiwurkers kinne dy petysje ûndertekenje.

Under it kofjeskoft wurde by De Falom meiwurkers fan De Sintrale As ynformearre. Tusken de middei wurdt itselde dien by it akwadukt by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. It FNV oerleit moandei ek mei deputearre Poepjes.

De provinsje hat, as opdrachtjouwer fan de Sintrale As en it akwadukt, in belangrike rol yn it oanpakken en foarkommen fan ûnderbetelling, fynt it fakbûn. Deputearre Poepjes kundige twa wike lyn in 'djipgeand ûndersyk' oan nei de mooglike ûnderbetelling fan bûtenlânske wurknimmers. It soe by dy ûnderbetelling benammen gean om bûtenlânske wurknimmers dy't fia útstjoerburo's ynhierd wurde. Oannimmer Heijmans ûntkent dat der sprake wêze soe fan ûnderbetelling. Neffens de oannimmer wurdt fan alle saaklike partners easke dat se harren oan de cao hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)