Rjochtsaak oer leansferleging by V&D

V&D yn Ljouwert
De fakbûnen en warehûs V&D treffe inoar moandei foar de rjochter yn Amsterdam. De saak giet oer de leansferleging dy't V&D trochfiere wol. Underhannelingen oer in leanoffer fan de meiwurkers hawwe ferline wike neat opsmiten. De direksje wol de wurknimmers hast 6% minder lean jaan.
It warehûs bliuwt derby dat de leansferleging nedich is foar it rêdingsplan. Ferline wike koe mar krekt foarkaam wurde dat V&D fallyt gean soe.