Aris ferliest by nûmer lêst Amsterdam

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha sneintejûn mei 81-79 ferlern by nûmer lêst BC Apollo yn Amsterdam. Sûnder skutter Marguise Simmons, hy hat in hânblessuere, stiene de Ljouwerters healwei op in 36-29 foarsprong. Alles feroare yn it tredde kwart. Aris spile yn 'e ferdigening beroerd en Amsterdam kaam op 57-55. Spannend bleau it wol. Aris kaam wer op foarsprong (72-69), mar koe gjin dien wurk meitsje. It waard 79-79 mei noch in heale minút te gean. Amsterdam wie doe fiif sekonden foar de ein de gelokkichste.
Tjoe de Paula en Ryan Watkins wiene by de Ljouwerters beide goed foar 24 punten.