Fryske derby sjen mei de hiele famylje yn Fean Plaza

15 feb 2015 - 17:42

Op It Hearrefean hawwe in soad heiten, memmen en foaral ek bern de streekwedstriid live meibelibbe. Dat wie yn Fean Plaza yn it Abe Lenstrastadion. Spesjaal foar dy groep wie der in famyljebarren organisearre mei twa grutte skermen en live-muzyk. Yn stee fan bier waard der foaral ranja skonken. Der wie in hiele grutte berch patat foar elkenien. Bûtendoar koene de bern fuotbalje of op oare wize harren enerzjy kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)