Shorttrackmanlju pakke einoerwinning wrâldbeker op ôflossing

15 feb 2015 - 16:35

Shorttrackers Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Adwin Snellink pakten snein foar it earst yn de Nederlânske shorttrack-skiednis de einoerwinning yn de wrâldbekerwedstriid op it ûnderdiel ôflossing. By de wrâldbekerwedstriid yn it Turkske Erzurum hellen de manlju it brûns yn de finale. Dat wie genôch om de winst yn de wrâldbeker feilich te stellen. Maklik gong it net, want slotrider Knegt wist pas yn de alderlêste meters it tredde plak te bemachtigjen.

By de froulju gong de winst op de ôflossing nei Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)