Henk de Jong wiis mei winst op SC Hearrenfean

15 feb 2015 - 15:17

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur is wiis mei de 2-1 oerwinning op SC Hearrenfean. De Jong wie benammen te sprekken oer de kriich by syn ploech. De oanfallende spylwize smiet de Ljouwerters sneintemiddei trije wichtige punten op. It wie de earste oerwinning nei de winterstop foar Cambuur.

Trainer Dwight Lodeweges fan Hearrenfean wie in stik minder tefreden. Fan tefoaren hie Lodeweges syn ploech noch warskôge foar de kriich by de Ljouwerters. De earste helte wie dramatysk, fûn er. Mar sjoen de twadde helte wie in lykspul fertsjinne west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)