Cambuur wint Fryske derby nei spektakulêr begjin

15 feb 2015 - 14:22

SC Cambuur wûn snein de Fryske derby mei 2-1 fan SC Hearrenfean. Yn it Cambuurstadion waard it publyk yn de earste 10 minuten traktearre op in wier doelpuntefestijn. Van de Streek sette Cambuur op foarsprong, wêrnei't Slagveer foar de lykmakker tekene. Fuort dêrnei wie Van de Streek wer trefseker en soarge foar in 2-1 foarsprong.

Nei rêst hie Narsingh de 3-1 op 'e skoech. By Hearrenfean wienen Veerman en Uth ticht by de 2-2. Yn ekstra tiid waard der noch in bal fan Hearrenfean fan de line helle, wêrtroch't de rêststân ek de einstân waard.

Op de sosjale media waard der ek in soad praat oer de wedstriid, #camhee wie sels it meast besprutsen ûnderwerp op Twitter oer de hiele wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)