Hospes alfde op earste 500 meter by WK ôfstannen

15 feb 2015 - 13:46

Sprinter Jesper Hospes is snein alfde wurden op de earste 500 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. Hospes klokte in tiid fan 35.24 en moast dêrmei de top trije fier foargean litte. De winst gong as ferwachte nei de grutte favoryt Pavel Kulizhnikov. De Rus sette in rapste tiid fan 34.38 op it boerd. It twadde plak gong nei Hein Otterspeer, dy't in tiid fan 34.74 ried. Michel Mulder notearre in tredde tiid fan 34.85.

Nei de 1500 meter foar de froulju ride de manlju sneintemiddei harren twadde 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)