LDODK ûnderút by DVO yn Bennekom

Trainer-coach Jan Sjoerd Pool © awfoto.nl
De kuorballers fan LDODK ferlearen sneon mei 28-19 fan DVO. Yn Bennekom pakte DVO fan begjin ôf oan de lieding. Pas by in 5-0 foarsprong wist LDODK wat werom te dwaan. De Gordyksters rûnen in 7-1 efterstân knap yn en kamen mei 7-8 foar it earst op foarsprong. By rêst wie de stân wer lyk: 12-12.
Nei rêst wist LDODK de oansluting te hâlden oan 15-14. Dêrnei wie it krûd damp by de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool en koe DVO útrinne nei 18-14. Dêrmei pakte de thúsploech in marzje, dy't se net mear ferspilen en yn it slot noch flink útwreiden.
Troch it ferlies bliuwt LDODK stykjen op 10 punten út 13 wedstriden. De ploech fan Pool stiet no op it sânde plak yn de Kuorbal League.
SCO ferlear in klasse leger de thúswedstriid mei 39-31 fan AW/DTV.