Man mishannele nei opmerking oer pisjen op strjitte

15 feb 2015 - 11:47

De plysje hat snein yn Drachten twa manlju oanhâlden foar mishanneling en bedriging. It giet om in 25-jierrige man fan It Hearrenfean en in 22-jierrige Drachtster. In man fan 57 jier út Drachten hie de twa oansprutsen, omdat ien fan harren op strjitte stie te pisjen. It slachtoffer krige in klap yn it gesicht, waard ferskate kearen yn it gesicht spuid en ferbaal bedrige.

In foarbygonger belle de plysje. Dy koe de twa eefkes letter oppakke. De Feanster skelde ien fan de plysje út en wie dwers. Beide manlju sitte fêst. Se wurde snein heard.

Trefwurden: 
Drachten mishanneling pisje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)