Hoogeveen ferspilet winst op KPN Grand Prix nei falpartij

Jouke Hoogeveen © awfoto.nl
Maratonrider Jouke Hoogeveen is der sneon net yn slagge de winst te pakken yn it einklassemint fan de KPN Grand Prix. By de lêste KPN Grand Prix-wedstriid yn Biddinghuzen gong Hoogeveen yn de lêste meters ûnderút. Dêrtoch ferspile er de einoerwinning dy't nei Simon Schouten gong. Hoogeveen einige as twadde, foar Frank Vreugdenhil dy't tredde waard. Vreugdenhil wûn wol de wedstriid yn Biddinghuzen.
By de froulju gong de winst yn it einklassemint nei Yvonne Spigt. Sharon Hendriks einige as twadde, foar âld-Haulster Elma de Vries.