Reedrydfroulju teloarstellend twadde op ploege-efterfolging

14 feb 2015 - 17:50

Reedrydsters Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Marije Joling slaggen der sneon net yn de wrâldtitel te pakken op it ûnderdiel ploege-efterfolging. By de WK ôfstannen yn Thialf einigen de Nederlânske froulju teloarstellend as twadde achter Japan.

Nederlân kaam yn de lêste rit ta in tiid fan 3.01.55 en moast dêrmei Japan krekt foargean litte. De Japanske froulju klokten nammentlik in winnende tiid fan 3.01.53. It brûns wie foar Ruslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)