Oenema neist poadium op 500 meter, Richardson nije kampioen

Thijsje Oenema is der net yn slagge in poadiumplak te pakken op de 500 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. Yn it einklassemint einige de sprintster fan De Jouwer as fjirde. Op de twadde 500 meter klokte Oenema 37.97, wêrmei't se yn it einklassemint fan it tredde nei it fjirde plak sakke.
Heather Richardson, de freondinne fan Jorrit Bergsma, is de nije wrâldkampioene. De Amerikaanse wûn ek de twadde 500 meter yn in tiid fan 37.63. It sulver yn it einklassemint wie foar har lângenoate Brittany Bowe. It brûns gong nei de Japanse Nao Kodaira.
De Koreaanse Sang-Hwa Lee wie regearjend wrâldkampioene op de 500, mar kaam yn Thialf net fierder as it fyfde plak yn it einklassemint.