Thijsje Oenema pakt tredde plak op earste 500 meter

Thijsje Oenema is sneon tredde wurden op de earste 500 by it WK ôfstannen yn Thialf. Oenema klokte in tiid fan 38.02 en moast dêrmei krekt de Amerikaanse Brittany Bowe mei 37.99 foargean litte. De winst gong nei Heather Richardson, de freondinne fan Jorrit Bergsma. Richardson sette in winnende tiid fan 37.70 op it boerd.
Regearjend kampioene Sang-Hwa Lee waard mei 38.10 dochs wat teloarstellend fyfde. Margot Boer kaam mei 38.31 net fierder as is achtste plak. Nei de 1000 meter manlju stean de froulju oan de start foar de twadde 500 meter.