Hûnderten bern ferwolkomje Sint Piter yn Grou

Hûnderten bern stiene sneontemoarn klear yn Grou foar Sint Piter. Om healwei alven kaam er mei de boat oan. De 'broer fan Sinteklaas' sette lykas altyd foet oan wâl by Hotel Oostergo. Sinteklaas komt fanâlds noait nei it doarp ta, omdat Sint Piter oan de bern yn Grou kado's jout.
Grou hat dit jier ek in jubileum te fieren. It Sint Piter mearke bestiet 65 jier. It mearke is in foarstelling dy't tagelyk mei it Sint Piter-feest hâlden wurdt.