Tûzenen supporters by lêste trainings Cambuur en Hearrenfean

14 feb 2015 - 10:56

De lêste trainings foar de wedstriid Cambuur-Hearrenfean lutsen sneontemoarn tûzenen supporters. Yn it Cambuurstadion wiene sa'n fiiftûzen supporters. Hearrenfean stie ek op it trainingsfjild. Op sportpark Skoatterwâld kamen goed tûzen supporters om te sjen. Supportersferiening Nieuw Noord oerlange foar de training in sjek fan Kika oan de oanfierder fan Hearrenfean Marten de Roon.

Snein komme beide Fryske ploegen tsjininoar út yn it Cambuurstadion. De wedstriid begjint om healwei ienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)