Taksaasje mûzeskea begjint tongersdei by 900 boeren

De taksaasje fan de mûzeskea by boeren set tongersdei útein. Dat is de útkomst fan oerlis dat fierd is tusken it Faunafûns en it buro Overheul yn Dronten dat de taksaasjes útfiere sil. Moandei en tiisdei wurde earst de 900 taksaasje-oanfragen dy't binnenkaam binne by lânbou-organisaasje LTO ferwurke.
Woansdei wurde de skeagefallen dan ferdield ûnder de taksateurs sadat dy tongersdei úteinsette kinne. Mei-inoar sille sa'n tweintich taksateurs oan it wurk. Se tinke binnen trije wiken klear te wêzen.