Panne op it fjoer soarget foar flinke reekûntwikkeling

14 feb 2015 - 08:13

Troch flinke reekûntwikkeling yn in wenning oan de Anjelierstrjitte yn Dokkum is freedtenacht in persoan net goed wurden. De brânwacht krige melding fan in brân yn de wenning, nei't buertbewenners in reekmelder heard hiene.

By oankomst die bliken dat der in panne op it fjoer stie dy't foar de reekûntwikkeling soarge. De persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)