Sven Kramer en Douwe de Vries winne efterfolging WK

It Nederlânske manljusteam hat freedtejûn op de WK ôfstannen yn Thialf foar de tredde kear op rige de wrâldtitel op de ploege-efterfolging wûn. Sven Kramer, Douwe de Vries en Koen Verweij rieden de acht rûntsjes yn in tiid fan 3.41.39. Kanada wûn sulver mei 3.44.08 en Súd-Koreä brûns mei 3.44.96. Foar Nederlân wie it de sânde winst yn totaal op dit frij nije ûnderdiel fan it reedriden. Foar de 32-jierrige Douwe de Vries wie it de earste WK-medalje ea.