'Nije skoalle opsette is dreech proses'

It opsetten fan in nije skoalle is in lang en dreech proses, sa seit Abel Reitsma, ien fan de inisjatyfnimmers fan de Evangelyske Skoalle yn Drachten. Reitsma is al jierren dwaande mei de opset fan de skoalle en dat is noch altyd net slagge. Op dit stuit tinkt ek in groep âlden fan bern op de Burgerskoalle yn Dokkum nei oer it opsetten fan in eigen skoalle út ûnfrede oer hoe't it dêr giet.
Mar neffens Reitsma moatte se dêr net te maklik oer tinke. Sa moatte se oantoane kinne dat der ferlet is fan harren skoalle.