Pyt van der Zeepriis foar toanielskriuwer Bouke Oldenhof

Toanielskriuwer en teaterprodusint Bouke Oldenhof hat freed yn it provinsjehûs de Pyt van der Zeepriis krigen. Oldenhof krige de priis út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries foar syn grutte bydrage oan it Frysk amateurtoaniel. Neffens de sjuery springt Oldenhof der op ferskillende flakken út. Hy wurdt net allinnich priizge om syn goede teksten, mar ek om it entûsjast meitsjen fan minsken foar it amateurtoaniel.
Oldenhof skriuwt foar it amateurtoaniel, mar hat ek foar grutte produksjes lykas 'Abe' en en 'Peer Gynt' skreaun.