Frou falt fan autodek op fearboat fan Doeksen

13 feb 2015 - 17:00

In passazjiere fan de fearboat De Friesland fan rederij Doeksen is freedtemiddei ferwûne rekke. De boat lei oan de kant yn de haven fan Harns foar de ôffeart nei Skylge. Nei't de frou oan board stapte, is se neffens tsjûgen fan in tuskendek fan it autodek ôf sawat 2,5 meter nei ûnderen fallen.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De oarsaak fan it ûngelok wurdt ûndersocht. Yn oerlis mei de plysje is de oerfarder wol nei Skylge ta gien.

Doeksen hat de meiwurkers en omstanners dy't derby wiene slachtofferhelp oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)