Mondriaanfûns stipet bou museumdepot yn Ljouwert

13 feb 2015 - 16:50

It Mondriaanfûns stipet it noch te bouwen depot fan It Frysk Museum, Tresoar, Natuermuseum, it Skipfeartmuseum en it Lânboumuseum. Se krije goed 123.000 euro. It jild wurdt brûkt foar de opset fan in digitaal behearssysteem fan de kolleksje dy't út mear as in miljoen stikken bestiet.

It depot komt op it yndustryterrein efter it WTC. It kostet 7.4 miljoen euro en it moat yn 2016 klear wêze. It depot is unyk yn Nederlân fanwege de miljeu-technyske saken.

Om it gebou op de goede temperatuur te hâlden binne de romte boud mei spesjale boumaterialen en binne se isolearre. De elektrisiteit komt fan sinnepanielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)