Bijker yn sintrum ferdigening by Cambuur

13 feb 2015 - 12:31

Lucas Bijker spilet snein yn de derby tsjin SC Hearrenfean yn it sintrum fan de ferdigening. Hy nimt it plak yn fan Calvin Mac-Intosh dy't blesseard is. Vytas spilet linksback. Wout Droste begjint op de rjochtsbackposysje. It middenfjild by Cambuur bestiet út Van der Streek, El Makrini en Bakker. Foaryn is Narsingh noch in twifelgefal. Martijn Barto begjint yn de spits. Hy ferfangt Ogbeche dy't skrost is nei syn reade kaart ferline wike tsjin Feyenoord. Oer de fleugelspitsen woe trainer Henk de Jong noch neitinke.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)