Jeugdsportfûns helpt 1000 bern oan sportklupjild

13 feb 2015 - 12:28

It Jeugdsportfûns Fryslân hat ferline jier de twakear safolle bern holpen as yn 2013. Yn dat jier krigen 550 âlden in finansjele bydrage om bern sporte te litten, ferline jier wiene dat 1000. Mei de jildstipe dy't âlden mei in leech ynkommen krije, kin it lidmaatskip fan in sportklup of de oanskaf fan sportklean betelle wurde.

It gruttere tal takennings fan de oanfragen is it gefolch fan it feit dat hieltyd mear Fryske gemeenten jild oermeitsje oan it Jeugdsportfûns.

De ferwachting is dat oer in pear jier alle gemeenten it fûns stypje. Mei it bedrach dat dêrmei ophelle wurdt, kin it Jeugsportfûns in pear tûzen Fryske bern út earme húshâldings sporte litte.

Trefwurden: 
Jeugdsportfûns sportklup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)