Game oer buorkerij fan de takomst

13 feb 2015 - 08:26

Fiif studinten fan de oplieding Gamedesign fan it Friesland College sille in kompjûtergame meitsje fan de duorsume buorkerij fan de takomst. Kollega-studinten fan it Van Hall Larenstein en it Nordwin College ûndersykje op dit stuit hoe't de duorsume buorkerij fan de takomst derút sjen moat.

Troch dêr in game fan te meitsjen kinne it Van Hall en it Nordwin College it kompjûterspultsje opnimme yn it ûnderwiisprogramma. Nije wike tiisdei is de offisjele start fan it projekt Buorkerij fan de Takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)