Fryslân krijt nij evenemint: it TREKfestival

13 feb 2015 - 08:04

Fryslân krijt der in nij festival by. Ein maart wurdt dit jier foar it earst it trije dagen duorjende TREKfestival organisearre. De iepeing is op freedtejûn 27 maart yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. Dêr sille biolooch Theunis Piersma en muzikant Sytze Pruiksma it stik 'King of Meadows' opfiere. Dat is in muzikale lêzing oer skriezen.

Op tritich lokaasje om it Lauwersmargebiet hinne wurde op sneon en snein ferskate aksjes holden, mei iten, muzyk en teater. It TREKfestival duorret fan 27 oant en mei 29 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)