Basketballers fan Aris ferlieze by Den Bosch

13 feb 2015 - 06:49

De basketballers fan Aris ferlearen tongersdeitejûn mei 93-66 fan SPM Shoeters út Den Bosch. Yn Den Bosch starten de Ljouwerters sûnder Tjoe de Paula en Miles Jackson-Cartwright. De ploech fan trainer Tom Simpson rûn fan it begjin ôf efter de feiten oan. Nei it earste kwart stie der in 25-14 efterstân op it boerd. By it skoft wreide Den Bosch de foarsprong út nei 50-33.

Dizze marzje joech de thúsploech nei rêst net mear út hannen, wêrtroch't Aris op 'e nij tsjin in rom ferlies oanrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)