Opnij goud foar Jorrit Bergsma op tsien kilometer by WK

12 feb 2015 - 21:51

Jorrit Bergsma hat tongersdei op it WK ôfstannen yn Thialf syn titel op de tsien kilometer mei sukses ferdigene. De 29-jierrige stayer fan Team Clafis wûn de ôfstân mei in tiid fan 12.54.82. Ploechgenoat Erik-Jan Kooiman helle mei 13.02.57 sulver en foar de Dútser Patrick Beckert wie der mei in tiid fan 13.10.95 brûns. Kooiman ferfong op de tsien kilometer Sven Kramer, dy't him tiisdei ôfmelde foar de ôfstan. Bergsma helle earder ek goud op de tsien kilometer by de Olympyske Spelen yn Sotsji.

Ireen Wüst is tongersdei twadde wurden op de trije kilometer. Sy moast it ôflizze tsjin de Tjechise Martina Sábliková. Tredde en fjirde waarden Marije Joling en Jorien Voorhuis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)