Plysje pakt goed 11 miljoen ôf fan kriminelen

12 feb 2015 - 13:22

It Iepenbier Ministearje Noard-Nederlân en de plysje hawwe ferline jier foar goed 11 miljoen euro oan jild en guod ôfpakt fan kriminelen. Dat meldt it Iepenbier Ministearje. Neist in grut tal himpsaken wiene der ferline jier meardere ûndersyken wêryn't jild ôfpakt waard.

Yn in grut wytwaskûndersyk koe hast 4,5 miljoen euro ynfoardere wurde. De plysje hat yn dizze saak yntusken mear as 20 fertochten oanholden. Op ferskate lokaasjes yn it Noarden waard by hússikings beslach lein op auto's, sieraden en kontant jild.

Yn novimber waard in 44-jierrige man sûnder fêst wenplak oppakt dy't fia Marktplaats minsken oplichte. Hjir gie it om in bedrach fan sa'n 25.000 euro.

Mei it jild dat ôfpakt is fan de kriminelen wol de oerheid earst slachtoffers kompensearje. De rest giet nei de steatskas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)