Stasjonshal Ljouwert krijt eigen piano

Reizgers op it treinstasjon fan Ljouwert kinne tenei efkes bekomme mei moaie pianomuzyk. Sûnt tongersdei hat it stasjon in eigen piano. Minsken meie sels plaknimme achter de toetsen om te spyljen foar de oare wachtsjende reizgers. Doel fan de piano is om sa it wachtsjen op stasjons leuker te meitsjen.
De piano yn Ljouwert komt út de stasjonshal fan Grins, dêr't er delset waard troch inisjatyfnimster Rhea Elise Khoeblal. Om ek de reizgers yn Fryslân genietsje te litten fan de muzyk hat de NS besletten om de piano te ferhúzjen nei Ljouwert.