Ljouwerter spuitet man mei pepperspray yn gesicht

Oanhâlding © ANP
In 23-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei oanholden om't er in 46-jierrige plakgenoat mei pepperspray yn it gesicht spuite hie. De fertochte krige op de Grienewei rûzje mei it slachtoffer, dy't oan it hurdrinnen wie. De fertochte soe it 46-jierrige slachtoffer dêrby hindere ha.
De twa krigen wurden meielkoar, wêrnei't der klappen foelen. Dêrby krige it slachtoffer pepperspray yn it gesicht spuite troch de 23-jierrige fertochte. De plysje hat de man meinaam nei it buro. De pepperspray is yn beslach naam.