Rjochter: "Gjin útwreiding yn baai Dellewal op Skylge"

De gemeente Skylge hoecht gjin útwreiding fan hotel Skylge yn de baai Dellewal ta te stean. Dy útspraak hat de rjochtbank dien. Eigener Harry Westers woe by de rjochter ôftwinge dat de gemeente de ôfspraken úfiert dy't der neffens him mei it kolleezje fan Skylge makke binne.
Neffens de rjochter is dúdlik dat dizze ôfspraken altyd makke binne ûnder foarbehâld fan ynstimming troch de gemeenteried. En de ried sjocht nijbou yn de baai Dellewal net sitten. Westers hat al sûnt in jier beslach lein op de grûn fan de Dellewal.
Harry Westers is it net iens mei de útspraak en giet yn heger berop.