Itensbank Snits smyt iten fuort fanwege bistjes

12 feb 2015 - 10:52

De itensbank yn Snits hat begjin dit jier seis kúb iten fourtsmiten. Dat wie in hiele boukontener fol. Der sieten nammentlik bistjes yn it iten. It giet om de saneamde graanklanders. Dat binne lytse tuorren (kevers) fan 3 oant 5 milimeter grut.

De itensbank ûntduts de kevers doe't in klant melding die fan sa'n bist yn de rys. Om de bistjes fuort te krijen hat de Snitser Voedselbank boppedat in spesjaal bedriuw ynskeakele. Iten dat yn hurde ferpakkings sit, koe wol bewarre bliuwe. It útdielen fan pakketten koe dêrtroch gewoan trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)