Lêste wedstriden op âlde iisflier Thialf

Op it WK ôfstannen wurde de kommende dagen foar de lêste kear wedstriden ferriden op de ferneamde iisflier fan Thialf. De reedrydtimpel wurdt nei dit WK leech helle en sloopt, foar de bou fan in nij kompleks. Yn 2016 moat de nije akkommodaasje der stean.
De earste ôfstannen fan it WK wurde tongersdei ferriden. Ireen Wüst en Jorrit Bergsma ride tongersdei foar it goud. Beide riders ferdigenje yn Thialf de wrâldtitel. Wüst op de 3000 meter, Bergsma op de tsien kilometer.