Bewenners komme mei enerzjy-ideeën foar Flylân

12 feb 2015 - 07:40

Sa'n hûndert minsken kamen woansdeitejûn ôf op in ynformaasjebyienkomst op Flylân oer alternative enerzjyboarnen. It Waadeilân wol yn 2020 syn eigen enerzjy produsearje. Ynwenners krigen woansdeitejûn ynformaasje oer de mooglikheden hjirfoar en koene sels ek mei ideeën komme. De byienkomst wie organisearre troch Lab Vlieland; de organisaasje dy't ûntstien is út it festival Into The Great Wide Open. Ien wynmûne fan 80 meter heech is genôch om hiel Flylân fan enerzjy te foarsjen, mar hjir is in soad wjerstân tsjin.

Trefwurden: 
enerzjy Flylân wynmûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)