Foar ûntwikkeling streek Sintrale As 28,7 miljoen frege

11 feb 2015 - 23:31

Foar it ûntwikkeljen fan it gebiet by de Sintrale As is de kommende jierren noch in bedrach nedich fan 28,7 miljoen euro. Dat stiet yn it rapport dat de Kommisje Gebietsûntwikkeling Sintrale As woansdei oanbean hat oan Deputearre Steaten. It jild is ûnder oare nedich foar oanfoljende ferkearsmaatregels lykas fytsbrêgen, mar ek fooar natoerûntwikkeling en lânskipsherstel.

Bertus Mulder is foarsitter fan de kommisje. Hy fynt dat de provinsje Fryslân de morele plicht hat om der foar te soargjen dat it frege jild der ek komt.

Yn faze twa fan de gebietsûntwikkeling sitte ek ferskate oare projekten, lykas in spoartunnel foar fytsers by Kûkherne en in natoerprojekt mei pingo's oan de westkant by Burgum. De provinsje hat Noardeast-Fryslân ûnthjitten de streek 'moaier' achter de litten nei de oanlis fan de Sintrale As. Dy belofte moat de provinsje neikomme, sa fynt Mulder. De kommisje gebietsûntwikkeling hat it rapport no oanbean oan deputearre steaten, sadat it provinsjale bestjoer der rekken mei hâlde kin by de kommende kolleezje-ûnderhannelings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)