Thialf noch net útferkocht foar WK ôfstannen

Thialf, It Hearrenfean © ANP
It WK ôfstannen dat fan tongersdei ôf hâlden wurdt yn Thialf is noch net útferkocht, dat lit de KNVB witte. Allinne foar de wedstriden dy't op sneon hâlden wurde, binne gjin kaarten mear te krijen. Dan ride de manlju ûnder oare de fiif kilometer en de froulju de 500 meter. It is foar it lêst dat der in wrâldkampioenskip hâlden wurdt yn it hjoeddeiske Thialf. Dat wurdt nei de wedstriden flink ferboud. Om dy reden komt der ek in soad parse ôf op it WK ôfstannen.