Minder lûdsoerlêst by hoarekasaken op Skier

11 feb 2015 - 16:23

Yn it nije hoarekakonvenant fan Skiermûntseach steane maatregels om lûdsoerlêst tsjin te gean. It moat derfoar soargje dat it leven fan feestfierende jongerein werom rint. Bewenners fan it eilân klagen der ôfrûne simmer oer.

Gemeente, de Koninklijke Horeca Nederland en de plysje ha dêrom besletten om maatregels te nimmen. Sa moat yn it heechseizoen ien by de doar stean by hoarekasaken. Ek krije grutte groepen in hantlieding mei hoe't se har gedrage moatte. Nije wike sjocht de gemeenteried nei it nije hoarekakonvenant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)