De Cambuur-Hearrenfean-derby-warming-up-kwis, diel 2

De Fryske derby stiet wer foar de doar. Snein nimt SC Cambuur it yn eigen hûs op tsjin SC Hearrenfean. Om alfêst wat op te waarmjen komt Omrop Fryslân mei de Cambuur-Hearrenfean-derby-warming-up-kwis.
Hjoed diel twa fan ús kwis, de fragen 5 oant en mei 8. Freed folgje de lêste fjouwer fragen.
Fraach 5:
Yn 1990 promovearre Hearrenfean nei de earedivyzje. Op it fjild liet Maarten de Jong in spandoek sjen mei in opfallende tekst. Wat stie der op it spandoek?
Fraach 6:
Doe't Cambuur promovearre nei de earedivyzje, lieten Cambuursupporters ek in opfallend spandoek sjen. Wat stie der op dat spandoek?
Fraach 7:
Trije spilers, dy't sawol foar Cambuur as Hearrenfean spile ha, binne berne yn Paramaribo. Neam der twa.
Fraach 8:
De lêste edysje fan de Fryske derby einige yn 2-2. Hokker fjouwer ferdigeners stiene doe by Hearrenfean yn de basis?
Fansels hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de Fryske derby. Sa stiet freed Bynt Sport folslein yn it teken fan de derby en lizze wy dizze fragen foar oan de oanfierders fan Cambuur en Hearrenfean. Op snein is der it wedstriidferslach op Omrop Fryslân Radio fan 12.00 oere ôf, omtinken foar alle omballings en ek wurdt der op omropfryslan.nl in liveblog byhâlden oer alles wat der bart op sosjale media.
De antwurden op de earste fjouwer fragen binne te finen yn it filmke op dizze side.