Heit Vaatstra krijt skeafergoeding fan Jasper S.

11 feb 2015 - 12:52

Jasper S., de moardner fan Marianne Vaatstra, moat oan Bauke Vaatstra goed 43.000 euro skeafergoeding betelje. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert woansdei bepaald. Om't Jasper S. ek noch de rinte dêroer betelje moat, komt it bedrach út op 80.000 euro.

De rjochtbank seit dat Vaatstra rjocht hat op dizze fergoeding fanwege de saneamde shockskea dy't de heit fan it slachtoffer oprûn hat. Neffens de rjochtbank hat Vaatstra der emosjoneel bot lêst fan hân dat hy syn dochter fermoarde en ferkrêfte fûn hat yn de greiden by Feankleaster yn 1999.

Neist 40.000 euro shockskea moat Jasper S. ek in materiële skeafergoeding fan goed 3.400 euro betelje.

De heit fan Marianne Vaatstra hie in ton fergoeding easke. Neffens syn advokaat is Bauke Vaatstra lykwols tefreden mei dit bedrach. Hy giet dan ek net yn heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)