Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean is fallyt

Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean
Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean is fallyt. It bedriuw hat it fallisemint ferline wike sels oanfrege, nei in útspraak fan de Ried fan Steat. Troch dy útspraak binne de arken fan Spruyt te heech en meie net mear brûkt wurde. Dêrtroch foel yn ien klap de hiele merk foar it bedriuw fuort. Troch it fallisemint komme hast 30 minsken op strjitte te stean. It mear as 50 jier âlde famyljebedriuw is yn 2013 noch nominearre as Fryske ûndernimming fan it jier.
De offisjele útspraak oer it fallisemint lit noch efkes op him wachtsje, mar dat hat neffens eigener Herman Spruyt te krijen mei ien dokumint dat ûntbruts.