Kaden om Snitsermar hinne wurde oanpakt

11 feb 2015 - 11:44

It wurk om de kaden oan de Snitsermar te fersterkjen kin ein dit jier klear wêze. Dat sei Roel de Jong fan Wetterskip Fryslân woansdei by de offisjele start fan wurksumheden oan de noardkant fan de mar. It wurk dêr soe langer duorje wannear't út in rinnend ûndersyk bliken docht dat de kultuerhistoaryske kaden op de Griene Dyk oer sa'n trije kilometer dochs net oan nije stabiliteitseasken foldogge. Oan de binnenkant moat de dyk dan breder makke wurde.

Ek natoergebiet Potskar wurdt oanpakt. Der komme natuerfreonlike wâlskanten, paaiplakken foar fisken en nije rekreative foarsjennings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)