Ljouwerter oanhâlden foar it mishanneljen fan in frou

11 feb 2015 - 10:46

In 29-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn yn de haadstêd oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Surveillearjende plysjes hearden geraas op de brêge op de Nijewei. Dêr seagen se dat in befeiliger fan de Weaze in man yn betwang hâlde.

Tsjûgen fertelden dat de fertochte in 33-jierrige frou út Ljouwert slein hie. It slachtoffer docht oanjefte fan mishanneling. De fertochte is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)